Stellen frachtwein wer boppe wetter

It giet om dizze stellen frachtwein © transport-online.nl
De frachtauto dy't tiisdei yn Harns stellen waard by Visser ATR, en wêrfoar't by de PC yn Frjentsjer ekstra feilichheidsmaatregels naam binne, is wer boppe wetter. De frachtwein waard woansdeitemiddei oantroffen yn Oss. Dat meldt de plysje.
Boargemaster Eduard van Zuilen fan Frjentsjerteradiel hie earder woansdei betonblokken, sjovels en kranen pleatse litten om It Sjûkelân hinne. De boargemaster die dat om in mooglike oanslach foar te kommen.