Skippersportret: Klaas Westerdijk
Oer twa dagen begjint it SKS skûtsjesilen. Dit jier sitte der fjouwer nije skippers yn de kompetysje. Yn de oanrin nei de earste silerij op 5 augustus by Grou, lizze wy de fjouwer nije skûtsjeskippers in pear fragen foar. Hjoed it wurd oan Klaas Westerdijk.
Hy is de jongste skipper dy’t op it stuit yn de SKS meifart, Klaas Westerdijk. It skûtsjesylbloed komt by him net by syn heit wei mar by syn mem Tjitske Visser. Klaas sels fearn earder mei as bemanningslid op de skûtsjes fan Earnewâld, Wâldsein en Hearrenfean. Wy lizze him fiif fragen foar:
Dit jier is dyn earste jier as skipper, mar wat makket dy in goede skipper?
“Sa’n earste jier as skipper is hartstikke spannend, alles is nij yn dy rol. Ik stean letterlik en figuerlik oan it roer fan it skûtsje en alles dat deromhinne bart. Ik wol in goede skipper wêze troch grutte risiko’s te mijen en in soad wille yn it silen te hawwen mei ús ploech. De resultaten komme dan wol.”

Wat is dyn ferwachting fan dit jier en op hokker plak einigje jimme?
“Ik ferwachtsje in hiel spannend kampioenskip, alle skûtsjes binne bot oan inoar weage en ik bin hiel nijsgjirrich op hokker plak wy einigje. Mar wêr presys, ik haw gjin idee. Earne tusken de 1 en 14 is wis, wy hâlde alle opsjes iepen.”

Wat wie dyn earste taak op it skûtsje?
“Myn earste taak op it skûtsje wie ranjajonge op it skûtsje fan Earnewâld by Pieter Brouwer, ik wie doe alve jier. Ik moast derfoar soargje dat de grutskoat netsjes nei binnen en bûten gie. Dêrneist soarge ik dat der drinken en oar spul foar de mannen klearlei foar wannear’t sy wat nedich hienen ûnder it silen.”

Hoe makkest fan de bemanning in team?
“Troch in soad syloeren te meitsjen mei in fêst team. Dat wie yn ús gefal hurd nedich want ús team telt alve nije minsken. Der binne mar trije mannen oerbleaun fan de foarige bemanning.”

Folje oan: as wy kampioen wurde dan...
“Is dat net te beskriuwen wat wy dan meimeitsje!”

Sjoch foar alle skippersportretten yn ús dossier; alles oer it skûtsjesilen is te folgjen op Omropfryslan.nl/skûtsjesilen.