Morten Thorsby nominearre foar fuotbalpriis

Morton Thorsby © awfoto.nl
Fuotballer Morten Thorsby fan SC Hearrenfean is nominearre as Maatschappelijk Speler Eredivisie 2017. Dizze priis wurdt elk jier útrikt oan in spiler dy't him op bysûndere wize ynset foar de mienskip. Neist Thorsby binne ek Tom Beugelsdijk fan ADO Den Haag en Sergio Padt fan FC Grins nominearre.
Der kin oant en mei 16 augustus stimd wurde, de winner wurdt op it gala fan Fuotballer fan it jier op 21 augustus bekend makke. De winner krijt in beker en in sjek fan 50.000 euro. De helte fan it bedrach giet nei in aktiviteit fan de fuotbalklup, de oare helte giet nei goede doelen dy't de winner sels útsiket.