Kollum: "Kutûnderwerpen"

"‘t Is al wer augustus, dus sitte we yn de kutûnderwerpen sa’t we dat yn de komkommertiid altyd neamden. Op 't heden is dat sels letterlik sa. We ha it oer hoe’t we elkoar neame moatte, om't der no ienris lju binne dy’t twifelje oer it man of frou wêzen of wêze wollen. Fermaaklik: Omrop Fryslân hat Anne Hettinga fan Arriva frege as hy “attentie dames en heren” ek feroarje sil yn “hallo lju”. En it folgjende berjocht gie dan oer Eelke Bakker, de âldste mán fan Nederlân. Want ja persoan kin net, froulju bin fansels folle âlder en dan kin je fan Eelke Bakker hielendal neat mear bysûnders meitsje en dan ha je ynienen wer in stikje minder.
In oar lullich ûnderwerp is fansels dat gedoch fan jonkjes dy’t mear romte ha moatte soenen om te mâltjirgjen as at famkes nedich ha. En tagelyk bin we oeral fan de fuotbaljende Oranjefroulju. Watte, dêr wol we folle mear fan ha. En foar it oare: we ha te min wrottersplakjes, we ha te min tiid foar de bern en we stopjes se mar gau in Iphone ta, sitte se lekker yn de hûs en kin se ek net smoarch wurde.
Moai komkommerûnderwerp fûn ik de ferhalen oer de ealju. De adel. Benammen de Van Eysinga’s dy’t ûnderling spul ha oer jild, want dat is fansels it grutste probleem: dy lju sitte grôtfol blau bloed, mar ha te min jild. Fine se sels. Ferwûnderlik hoe’t de jonge Van Eysinga’s de âlderen leech lizzen en útskodzje. Dat stiet harren net, al is it yn de histoaryske kontekst wer hiel gewoan. Ik moat dan altyd tinke oan wat dy âlde jonker Cees van Eysinga ea ris tsjin my sei: “do moast sa mar rekkenje, it is krekt as mei it Fryske hynder, it blau bloed moast allegear mei elkoar boaskje. No is it allegear ynsest, jonge”. Tsja.
Mar it alderfreeslikste komkommerûnderwerp is fansels it Frysk. Moannenlang ha we no oer en wer sangere oer dat ûndersyk fan de Fryske Akademy. De útkomsten dêrfan hienen alles fan it waarberjocht, is dat no wol of net wier. Nei in soad geâldehoer is no besluten dat der nóch in ûndersyk komt. Dan bin we gau wer in pear jier fierder, bin der gjin útkomsten en kin we moai ivich sangerje.
Mar we ha no ek in ynstelling dy‘t ús, of nee, ús net, mar it ministearje en de kultuerdeputearre, no it taalpaad wize moatte. DINGtiid. Ding is in âlde Germaanske gearkomste wêryn't de frije mannen, dat wiene mar in pear, de swiere saken fan it libben mei elkoar besprutsen. No, mei it Frysk sit we wer yn dy tiid. Foarbyldsje: yn 2015 sei DINGtiid dat der in skipper komme moat foar it Frysk. Moaie foto fan skûtsjes derby en klear. Nee, net klear. Pas in jier letter en no in jier lyn is Sietske Poepjes beneamd as taalskipper. No hat se wolris in pear kear mei it Steatejacht fearn, mar DINGtiid hat der neat fan murken en freget no wannear't we merkbite sille dat we in taalskipper ha. No hat Sietske Poepjes yntusken sein dat se mei Brok, dy’t folle mear taalskipper yn it Frysk is as at Sietske oait wêze kin, al praat hat mei gemeenten en wetterskip oer it gebrûk fan it Frysk. En dat der no in vlog komt, en dat dan yn in gearkomste ein dit jier wer fierder praat wurde sil.
DINGtiid wol mear gas, mar dan moat we wer wachtsje op Vermilion dat Fryslân hielendal seismysk ûndersykje wol. Tusken heakjes: de dwaasheid 'ten top' yn in provinsje dy’t gjin boarringen mear ha wol. In echt ûnderwerp, mar dêr meie we yn komkommertiid blykber net oer prate of lulk oer wurde. Nee, we mei inkel lulk wurde oer it geëamel oer it Frysk. DINGtiid wol sels de swipe deroer, yn stee fan in kneppel. Swipe? DINGtiid wol no ek in lange termynfisy. Hoe lang soe it duorje foardat Fryslân dy ea ha sil. En dy is der al lang. Yngreven twatalich wurde. En wa’t net meidwaan wol dy soademiteret mar op.
Mar bêste Sietske, leave Brok, warbere Klaas Sietse mei dyn DINGfamkes, doch wat dêr’t it Frysk wat oan hat, mar hâld op mei âldehoeren oer it Frysk. Want dan bliuw it in kutûnderwerp."