Plysje Ljouwert hâldt ferskate oertreders oan

© ANP
De plysje yn Ljouwert hat tiisdei in fytser oanhâlden nei 't dy plysjes misledige hie. De plysjes hâlden him steande om't de fytser op de Nijstêd frjemd gedrach fertoande. De man moat him ynkoarten foar de rjochter ferantwurdzje.
Yn de Brederostrjitte hat de plysje in 44-jierrige man oanhâlden, dy't noch 79 dagen de sel yn moast.
In 26-jierrige automobilist út de stêd waard op de Vondelingwei oanhâlden om't hy hast 30 kilometer te hurd ried. Hy krige in boete fan dik 300 euro.