Topskilderijen yn novimber te sjen yn Fries Museum

It Fries Museum yn Ljouwert krijt letter dit jier tsien topskilderijen op besite. It giet om wurken fan ûnder oare Rembrandt, Appel, Monet en Picasso. De skilderijen binne de ôfrûne jierren oankocht mei stipe fan de BankGiro Loterij. Se meitsje in toer lâns seis musea yn Nederlân, wêrfan it Fries Museum der ien is. De skilderijen binne dêr trije wiken te sjen, te begjinnen op 4 novimber.