Nyck de Vries pakt tredde plak by Formule 2 yn Hongarije

© ANP
Autokoereur Nyck de Vries fan Snits hat sneontemiddei in poadiumplak pakt yn de Formule 2-race yn Hongarije. Op it sirkwy tichteby de haadstêd Boedapest einige De Vries op it tredde plak. De Snitser hie him as achtste kwalifisearre, mar mocht fanwegen diskwalifikaasje fan kampioenskipslieder Charles Leclerc (syn auto foldie by de kwalifikaasje net oan de regleminten) as sânde oan de race begjinne. Dat die de 22-jierrige koereur prima. Uteinlik einige er binnen in sekonde fan de winner en de nûmer twa: Oliver Rowland en Nicholas Latifi.
Sneintemoarn komt De Vries noch in kear yn aksje op it sirkwy. Dan stiet de saneamde sprintrace op it programma. De Snitser begjint dêryn op it sechde plak.