Motorrider slacht oer de kop yn sânput

© De Vries Media
Yn Rinsumageast is sneontemiddei in motorcrosser (33) swier ferwûne rekke doe't hy mei syn motor oer de kop sloech. It slachtoffer ried mei noch twa motorcrossers yn in sânput lâns de Tuskendammen yn Rinsumageast doe't it mis gie. Hy is mei in ambulânse ferfierd nei it sikehûs yn Ljouwert. It is net bekend hoe slim oft it letsel fan de motorrider is.