Sippy Tigchelaar gesicht fan Skûtsje Journaal op Omroep MAX

Omroep MAX stjoert fan sneon 5 augustus ôf alle dagen in sjoernaal út oer it jierlikse SKS kampioenskip skûtsjesilen op NPO 1. Yn dat live-programma, mei de namme Skûtsje Journaal, sil ûnder oare in wedstriidferslach te sjen wêze. Fierder wurdt troch reportaazjes mei bekende Friezen en Nederlanners yngien op it ûntstean fan it skûtsjesilen, wurde skippers foarsteld en wurdt útlis jûn oer de regels.
Skûtsje Journaal wurdt presintearre troch Sippy Tigchelaar, earder topreedrydster en jierrenlang skûtsjeferslachjouwer foar Omrop Fryslân. It kommentaar by it wedstriidferslach wurdt jûn troch Age Veldboom, âld-skûtsjeskipper by de IFKS en oprjochter fan it Skûtsjemuseum. Het Skûtsje Journaal is in gearwurking tusken Omroep MAX, Omrop Fryslân en de Sintrale Komminsje Skûtsjesilen (SKS).
''Goed foar it skûtsjesilen''
Foarsitter René Nagelhout fan de SKS is ynnommen mei it ekstra omtinken foar syn evenemint: ''Hjirmei krijt ús kampioenskip lanlik omtinken. Dat is goed foar it skûtsjesilen.'' MAX-direkteur Jan Slagter ferwachtet in soad fan de gearwurking: ''Het skûtsjesilen is een prachtige sport, die ik graag een groter publiek gun. Met deze uitzendingen gaan we aan onze kijkers laten zien hoe mooi deze traditie is.'' Haadredakteur Klaas Geert Bakker fan Omrop Fryslân: ''It is in útdaging om dit programma mei Omroep MAX te meitsjen en sadwaande de prachtige en spektakulêre bylden, dy’t wy al jierrenlang fan it skûtsjesilen meitsje, in breder poadium te jaan.''
Skûtsje Journaal wurdt fan sneon 5 oant freed 18 augustus útstjoerd om 17.25 oere op NPO 1.