Brânzjeferiening: ''Noarmen foar ûnderhâld ûntwikkelje''

De BBZ, de feriening foar beropssjarterfeart, wol brânzjenoarmen en rjochtlinen ûntwikkelje foar it ûnderhâld fan de tradisjonele skippen. Dat seit de feriening yn reaksje op it ûndersyk fan de Onderzoeksraad voor de Veiligheid nei it ûngelok mei it skip Amicitia. De feriening ûnderskriuwt de oanbefellingen fan de Onderzoeksraad. Neffens de BBZ binne der nei it ûngelok mei it sylskip Amicitia by Harns al ferskate aksjes útfierd om de feilichheid te ferbetterjen.
Dêrneist wol de BBZ de spesjalistyske kennis oer tradisjonele skippen better ferspriede, bygelyks troch workshops oer feilichheid en ûnderhâld te organisearjen. In earste konkrete workshop waard ôfrûne winter al hâlden.