Sipelboeren kinne wer tsien jier foarút mei kymremmer

Sipelboeren binne bliid dat se in kymremmer brûken bliuwe meie. Dit hele jier drige in ferbod troch de Europeeske Kommisje, mar no't de hannel tasein hat om it middel minder skealik te meitsjen, mei it wer tsien jier brûkt wurde.

Sûnder de kymremmer is in goede bedriuwsfiering foar sipelboeren net mooglik, seit bouboer Teun de Jong fan Sint-Anne. De sipels soene dan gau útsprute en ûnferkeapber wurde. De sipelhannel en seker de sipeleksport soe dan ek gau dien wêze. De hannel soe dan folslein ôfhinklik wurde fan ymport. Der binne wol biologyke sipels, mar dy moatte hiel fluch nei de risping ferkocht en opiten wurde.