Himpkwekerij Raard oprôle, trije Brabanners oppakt

Himpkwekerij © ANP
De plysje hat ferline wike yn in pleats yn it bûtengebiet by Raard in grutte himpkwekerij ûntdutsen. Letter waarden dêrfoar trije Brabanners oppakt. It giet om in 36-jierrige ynwenner fan Oosterhout, in 37-jierrige frou út Teteringen en in 61-jierrige man sûnder fêst wenadres. Ferline jier kocht de 37-jierrige frou út it suden fan ús lân de ferfallen pleats. Se woe it spul opknappe en har dêr nei wenjen sette. Safier kaam it net. By de plysje kamen sinjalen binnen dat der op it stee in himpkwekerij sitte soe.
Ynfal
Ofrûne tongersdei waard besletten om yn aksje te kommen. Der wiene yn de boerehuzinge meardere kweekromten makke. Mei-inoar waarden der 1500 himpplanten teld. Foar de stroomfoarsjenning waard in diselaggregaat brûkt. It aggregaat wie foar in part yngroeven. De plysje trof mei de aksje de 36-jierrige Oosterhouter oan. Letter folge de arrestaasje fan de 61-jierrige man dy't ûnderweis wie nei Raard. De 37-jierrige eigeneresse waard moandei oanholden. Op de pleats is beslach lein.