Profronde Surhústerfean: Tourtoppers en pleatslike favoriten

Dylan Groenewegen, Bauke Mollema en Tom Dumoulin: lykas alle jierren ferskine der ek tiisdei wer in soad grutte nammen oan de start fan de Profronde fan Surhústerfean. Mar kinne we ek noch pleatslike ferrassingen ferwachtsje?
Pleatslike toppers
"De toppers fan de Tour meitsje wol de wedstriid," seit Erik Jager fan de organisaasje. Mar ek pleatslik favoryt Pieter Weening is populêr by it publyk en by de froulju goait eks-Nederlânsk kampioene Anouska Koster fan De Westereen hege eagen. En, seit Jager, it jonge talint Marten Kooistra fan Jonkerslân is ek ien om yn 'e gaten te hâlden.
Kermiskoersen
Kriteariums binne koarte pleatslike hurdfytswedstriden, fan faak minder as 100 kilometer. Se wurde ek wol 'kermiskoersen' neamd. Bekind binne foaral de kriteariums dy't koart nei de Tour de France ferriden wurde, lykas Daags na de Tour yn Boxmeer of it Na-Tour criterium yn Aalst (België). Yn Nederlân is Surhústerfean tradisjoneel it twadde kritearium nei de Tour de France. Der is in wedstriid foar froulju, beloften en profs.
Alde bylden
It Fries Film Archief socht yn harren argiven nei de moaiste bylden fan 36 jier Profronde fan Surhústerfean.
It programma yn Surhústerfean start tiisdeitemiddei om 1 oere. De profs komme jûns 7 oere yn aksje