Van der Bos-en-dy winne keatspartij yn Moarre-Ljussens

© Henk Bootsma
It partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra hat sneontemiddei de haadklasse frije formaasje wedstriid yn Moarre-Ljussens wûn. Yn de finale wûnen Van der Bos-en-dy mei 5-3 en 6-2 fan Menno van Zwieten, Hylke Bruinsma en Erwin Zijlstra.
De lytse preemje wie foar it partoer Enno Kingma, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar.