WTTV iepenet doarren nei spannende wike

It wie in spannende wike foar de organisaasje fan it Ljouwerter festival Welcome to the Village. Net allinnich wiene se dwaande mei de lêste tariedingen foar it festival. Mar se moasten ek nochris tiid frijmeitsje foar in rjochtsaak oer de lokaasje. It gie sels safier dat it festival mooglik ôfsein wurde moast. Safier kaam it lykwols net, en dus koene freed de poarten iepen foar it festivalpublyk.
De fyfde edysje fan Welcome to the Village duorret fan freed oant en mei snein en wurdt hâlden yn De Griene Stjer by Ljouwert.