Selstraf eakse tsjin Drachtster om ûntfiering

Justysje © Omrop Fryslân
Tsjin in frou út Drachten is twa jier sel wêrfan acht moanne ûnder betingst easke, omdat se in man út Almelo ûntfierd, mishannele en bedrige hat. Oanlieding wie in konflikt oer it beteljen fan hier.
Jild
De man hie op in camping yn Boelensloane in sjalet hierd, mar kaam dêr op werom. Doe't er op de camping wie, ûntstie der spul mei de ferhierder, omdat dy jild ha woe en de man út Almelo gjin jild hie.
Fjoerwapens
De frou út Drachten bemuoide har dermei. Sy en in oare man namen it slachtoffer mei yn in auto en soenen him doe mei in pear fjoerwapens bedrige ha.
De rjochter docht oer twa wiken útspraak.