Tennisser Sander Arends heale finalist yn Sweden

Fan links nei rjochts: Matwé Middelkoop, trainer Gerard van Hellemondt en Sander Arends
Tennisser Sander Arends út Ljouwert is mei syn maat Matwé Middelkoop heale finalist yn it dûbelspul fan it ATP-toernoai yn Bastad (Sweden). Yn de twadde omloop waarden de Oerûguayaan Ariel Behar en de Serviër Dudan Lajovic mei 6-3 en 6-4 ferslein. De tsjinstanners yn de heale finale binne noch net bekend.