Aldste man fan Nederlân rydt op 107e jierdei mei yn optocht

Eelke Bakker op syn 106e jierdei © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
De âldste man fan Nederlân, Eelke Bakker fan Dokkum, fiert nije wike op in bysûndere manier syn 107e jierdei op It Amelân. Bakker rydt nije wike tongersdei mei yn de iepeningsoptocht fan de Ambachtlike Dei yn Ballum.
Bakker waard op 28 july 1910 berne yn Ballum. Syn âlden binne fuortgien fan It Amelân, mar Bakker hâldt noch altiten bot fan it eilân. Syn pakesizzers bringe him ien kear yn de wike nei de Holwerter daam, sadat er oer it Waad It Amelân lizzen sjen kin.