Oanbestegingsproseduere doelgroepeferfier NE-Fryslân

(fotofoarbyld) © Omrop Fryslân
It Netwerk Noordoost, dat it doelgroepeferfier yn Noardeast-Fryslân regelet, hat in nije oanbestegingsproseduere iepensteld. Dat wie nedich neidat de rjochter in streek troch de foarrige proseduere helle hie. By dy oanbesteging foel taksybedriuw Waaksma fan Koatstertille sawat hielendal bûten de boat, wylst dat bedriuw it ferfier dêrfoar wol dien hie.
Waaksma gie dêr tsjin yn berop, foaral omdat de partijen dy't de oanbesteging wûn hiene, neffens Waaksma ûnder de kostpriis ynskreaun hiene. Waaksma hat dy rjochtsaak wûn. By de nije proseduere is de ûndergrins foar de priis oars opboud.