Melkfeehâlder en Wetterskip stride om laachje klaai

De Fluezen © Omrop Fryslân, Remco de Vries
In skeel tusken in melkfeehâlder út It Heidenskip en Wetterskip Fryslân oer in laachje klaai op in dyk rint hieltyd heger op. Beide partijen troffen elkoar tiisdei foar de Ried fan Steat. De boer stoarte trije jier lyn feangrûn yn de beskermingssône fan de kade oan de Fluezen. It Wetterskip woe dat der earst wei ha en lei in twangsom op, dy't de boer wegere te beteljen.
Letter fûn it Wetterskip it goed as de boer de grûn mei in laachje klaai ôfdekke soe, mar dan moast er dat sels betelje. Mar dat woe de man ek net, omdat er de feangrûn der stoart hat mei tastimming fan in tafersjochhâlder fan it Wetterskip, seit er. Mar neffens it Wetterskip hie dy tafersjochhâlder dêr it foech net foar.
De Ried fan Steat docht oer seis wiken útspraak.