Snitser ferpleechkundige moat him psychysk ûndersykje litte

GGZ Fryslân © Omrop Fryslân, Jaap Elzes
In ferpleechkundige út Snits wurdt skrast út it registraasjesysteem foar personiel yn de sûnenssoarch, as er him net psychysk ûndersykje lit. Dat hat it tuchtkolleezje foar de sûnenssoarch besletten, omdat de man in seksuele relaasje mei in pasjinte hân hat. De man wurke by de GGZ Fryslân en krige in ferhâlding mei in frou dêr't er de mentor fan wie. Doe't er in ein oan de relaasje makke, fertelde de frou der oer oan har psychoterapeut. De GGZ hat de ferpleger doe skorst.
De man hat yntusken in oare baan. Hy krijt no twa jier de tiid om him psychysk ûndersykje te litten. Docht er dat net, dan wurdt er foar in healjier út it BIG-register helle.