Unike Dútske stoomploech op Flaeijelfeesten

© www.flaeijel.frl
Op de Flaeijelfeesten yn Nijhoarne ein septimber is in unike Dútske stoomploech te sjen. It is foar it earst dat sa'n ploech nei Nederlân komt. De kombinaasje bestiet út twa stoomlokomotiven en ien kypploech, dy't mei in kabel tusken de lokomotiven lutsen wurdt. Oan wjerskanten fan de ikker stiet in lokomotyf en de ploech docht dêr tuskenyn syn wurk. Hûndert jier lyn waard sa ploege.
It hat de organisaaasje fan de Flaeijelfeesten sawat trije jier koste om de stoomploech nei Nijhoarne te heljen.