Grinzer flaggeskip fart tenei ûnder Fryske flagge

It Grinzer flaggeskip de Voorwaarts Voorwaarts komt yn Fryske hannen. Skipswerf SRF shipbuilding fan Harns hat it kocht. De Voorwaarts Voorwaarts is op it stuit út de feart. Der is in soad efterstallich ûnderhâld. Sa is der bygelyks lekkaazje oan board. De twamêstkoftsjalk moat foar 100.000 euro opknapt wurde. Eigener Lex Tichelaar fan SRF giet dêr nei de simmer mei oan de slach. De fan hûs út Grinzer seach it skip en wist fuortendaliks dat er it hawwe woe.
It is neffens him in stikje Grinzer histoarje dat behâlden wurde moat. As de Voorwaarts Voorwaarts wer by de tiid is, wol er it sels yn de feart bringe en eksploitearje. It skip fear twa jier lyn yn Ljouwert noch tsjin de Noarderbrêge oan yn Ljouwert. Dêrby rekke ien persoan ferwûne.