Wylde Soay-skiep litte har dit jier makliker fange

Op Flylân slagget it Steatsboskbehear dit jier goed om de Soay-skiep op it eilân te fangen. Dat is bêst bysûnder, want de keppel fan hûnderten bisten is neffens de eilanner boskwachter Anke Bruin-Kommerij miskien wol ien fan de wyldste fan Nederlân. De bisten moatte fongen wurde, om se te earmerkjen.
Sûnt yn 2014 in grutte groep skiep fan It Amelân nei Flylân kaam is, binne de bisten wat minder maklik te pakken te krijen. Dat komt omdat de groep grutter wurden is, omdat de skiep drachtich wiene. In grut part fan de groep sette folslein ûnferwachts lammen op 'e wrâld. En yn de natuer wurket it sa dat de mem der oer it algemien neat foar fielt om minsken by de jonge bisten komme te litten.
Tel dêr by op dat de Soay-skiep dochs al in behoarlik ûnôfhinklik karakter hawwe en jo hawwe in keppel skiep dat jo net maklik fange. En dat moat betiden wol. Bygelyks om de bistedokter ris nei in skiep sjen te litten of om nije earmerken te pleatsen. Neffens boskwachter Bruin-Kommerij binne de skiep krekt buskrûd: "Als je dichterbij komt, dan spatten de groepjes schapen uitelkaar."
Der binne ferskate metoaden útprobearre, mar it lokjen fan de bisten mei skieppebiks docht dit jier fertuten. De fangerij is no om de dei om de bisten genôch rêst te jaan. "Er is een uitdrukking 'van geitenhouden leer je vloeken', maar dat geldt voor deze schapen zo nu en dan ook", sa seit de boskwachter. "Het is een kwestie van de rust bewaren en dan krijgen we het voorelkaar."