UPDATE: Plysje tinkt foarearst net oan misdriuw yn Aldehaske

De deade frou dy't woansdeitejûn yn Aldehaske op strjitte fûn waard, is nei alle gedachten net troch in misdriuw om it libben kaam. Dat meldt de plysje.
De frou waard fûn op in bankje yn in boarterstún by de krusing Jasker-Turfkoer. De plysje sette grut materieel en in soad minsken yn nei't de melding bekend waard. Se setten it gebiet ôf foar it ûndersyk. Yn de rin fan de jûn die bliken dat der foarearst gjin oanwizingen wiene foar in misdriuw.
De plysje hat ûndersyk dien nei de saak. Dêrfoar waard de strjitte ôfset. Dy is no wer frijjûn.