LIVEBLOG: Rjochtsaak brân De Kelders yn Ljouwert

It is yn oktober fjouwer jier lyn. De grutte brân op De Kelders yn Ljouwert, dêr't in 24-jierrige studint by om it libben kaam. Hy stikte troch de reek dy't út it njonkenlizzende brânende hûs kaam. Tiisdei is de rjochtsaak tsjin de eigener fan it hûs dêr't de studint yn wenne. Dy eigener is Wyb Feddema, riedslid fan de partij Gemeentebelangen Leeuwarden.