Wetterplysje pakt njoggen hurdfarders

Wetterplysje © Omrop Fryslân, Aise van Beets
De wetterplysje hat snein njoggen bekeuringen útdield oan boatsjeminsken dy't te hurd foeren. It fluchst wie in 48-jierrige man út Drachten. De man krige in boete fan 200 euro. Op de Langwarder Wielen krige in skipper in boete om't hy gjin farbewiis hie. In oare skipper krige in warskôging foar wetterskye, dat is dêr net tastien. De plysje kontrolearre fierder op it wetter by Burgum, Drachten, Earnewâld en Warten.