Wer romte foar nije meiwurkers by Caparis

Sosjale wurkfoarsjenning Caparis hat wer romte foar nije meiwurkers. Direkteur Alex Bonnema fan Caparis fertelde freed oan de dielnimmende gemeenten dat de oarderportefúlje goed fol is en dat Caparis yn elk gefal 'inkelde tsientallen' nije meiwurkers foar de produksje brûke kin. Neffens Bonnema hat Caparis op dit stuit mear wurk as de meiwurkers ôfkrije kinne.
Dy ûntwikkeling lit sjen dat it nei in drege tiid sa njonkenlytsen wer de goede kant op giet mei it bedriuw, tinkt Caparis-direkteur Bonnema.
Oer nei gemeente
Caparis sil wol op 1 oktober ôfskied nimme fan de meiwurkers fan de grienfoarsjenning yn Ljouwert. Dy geane op dy datum oer nei de gemeente Ljouwert. Omdat dy minsken no ek al yn Ljouwert wurkje en lean en CAO itselde bliuwt hat dat foar de belutsen meiwurkers gjin neidielige gefolgen.