Hokker Fryske frou fertsjinnet in moai portret?

Se binne op syk nei acht bysûndere froulju út Fryslân. Net perfoarst froulju dy't in gouden medalje om de hals hingjen hawwe of dy't jierrenlang boargemaster west hawwe. Nee, se wolle graach de bysûndere ferhalen hearre fan 'gewoane' froulju dy't ús mienskip drage en krekt dizze ferhalen fêstlizze. Dat is yn it koart wat programmamakker Marleen Godlieb en byldzjend keunstner Natasja Bennink fan doel binne mei harren Kulturele Haadstêdprojekt 'Froulju fan Fryslân'. In petear mei Marleen Godlieb.
Wêrom sykje jim spesifyk froulju?
"As je troch Fryslân rinne dan komme je in hiel soad stânbylden tsjin. Wat dan opfalt is dat it faak stânbylden fan manlju binne. Natasja en my liket it hiel moai ta om portretten te meitsjen fan bysûndere froulju yn Fryslân, de ferburgen krêften fan ús provinsje. Wy wolle har wat wurdearring jaan foar har ynspanning en wurk."
Is dat net wat feministysk?
"Nee, dat fine wy net. We binne yn dy sin miskien wol feministen, mar net froulju dy't de manlju perfoarst oan 'e dyk sette wolle hear. It is ek gjin keihurd statement fan ús. In soad minsken sizze dat manlju en froulju gelyk binne. Dat is yn teory miskien sa, mar wês mar earlik, yn de praktyk is dat echt net sa. Manlju dogge blykber faker dingen dy't yn it each springe of se raze gewoan hurder. It sit miskien ek wol net altyd yn it aard fan froulju om harsels te profilearjen. Unbewust is dat ferskil tusken manlju en froulju der wol. It giet ús net om de diskriminaasje of wat dan ek, we wolle gewoan op in moaie wize wat tsjinwicht biede oan al dy manlike stânbylden."
Acht froulju dus. Wa hawwe jim op it each?
"Dat meie de Friezen hielendal sels bepale. Fan novimber ôf kinne minsken sels froulju nominearje dy't in moai ferhaal hawwe. We hoopje fansels op in hiel soad bysûndere anekdoaten. It soe moai wêze om in ferskaat oan froulju te sammeljen. Jong of âld, Fries of flechtling, húsmem of karriêrefrou. Wy litte ús hiel graach ferrasse."
En dan?
"As programmamakker sil ik acht moaie portretten meitsje oer en mei dizze froulju. Fansels litte wy ek de minsken oan it wurd dy't harren opjûn hawwe. Bedoeling is dat dizze filmkes útstjoerd wurde op Omrop Fryslân. Natasja Bennink sil fan alle froulju in brûzen boarstbyld meitsje. Dizze komme dan earst in skoft op It Hearrenfean te stean en dêrnei komme se nei Ljouwert ta. Plan is dat dizze bylden úteinlik in fêst plakje yn Ljouwert krije."
Wa is neffens josels no in sterke Fryske frou?
"Haha, Natasja fansels! Se wurket keihurd en dat fyn ik super om te sjen."