Dokter John Deen fynt it net slim dat tv-searje ophâldt

"Eén van de gevolgen van de televisieserie is dat wij zomers weggaan hier, dan wordt het te druk". John Deen krijt noch geregeld minsken oan de doar dy't hy in kear behannele hat doe't hy noch dokter op Flylân wie. De populêre searje 'Dokter Deen' hat dit tal sa grut makke dat hy it eilân simmers ûntflechtet en de rêst fan Noarwegen siket. Derom fynt hy it net slim dat Omrop Max nei fjouwer seizoenen ophâldt mei de searje.
Goed gefoel
John Deen wie 13 jier lang de iennichste húsdokter op Flylân en dat betsjutte dat hy ek automatysk feedokter en soms sels toskedokter wie. Hy skreau kollums yn it pleatslike krantsje fan Flylân oer syn aventoeren yn dy funksjes. Regisseur Edwin de Vries brûkte se as basis foar de TV-searje, mar pas neidat Deen akkoart wie. "Ik had drie voorwaarden. Dat het volledige huisartenvak aan bod kwam, dat geen enkele persoon herkenbaar was en dat er zoveel mogelijk op Vlieland gedraaid werd". Dat barde en Deen sjocht dan ek mei in goed gefoel werom op de searje.
De húshâlding Deen ferhuze 25 jier lyn fan it Siuwske Goes nei Flylân. "Je komt in een wereld die je als stads-huisarts niet gewend bent. Mijn eerste patiënt was een hond. Ik heb de dierenarts op Terschelling gebeld wat ik moest doen."
Twadde húsdokter
Mar hy rûn der ek tsjin oan dat hy de iennichste húsdokter wie. Efkes nei in jierdei op de wâl koe net samar, der moast fier yn it foar in ferfanger regele wurde. "Ik was de enige gevangene van het eiland." Boppedat fûn hy it net ferantwurde, ek omdat it simmers hieltyd drokker waard op it eilân. Hy hat him bot ynsetten foar it fierder ûntwikkeljen fan de ambulânsetsjinst en stride foar in twadde húsdokter op it eilân. Yn 2001 skreau hy in brief nei de minister, mar pas jierren letter, doe't hy sels ophâlde soe en der in opfolger foar him komme moast, kaam der plak foar in twadde dokter.
Eutanasy
Dokter op in lyts eilân betsjut dat hy tusken syn pasjinten wennet en dus dat dy pasjinten ek syn freonen binne. Dat makket it soms dreech, omdat je net allinne as dokter belutsen binne mar ek as freon. "Met name speelt dat bij euthanasiesituaties, dat je dat steeds verder uitstelt want je wilt mensen niet missen." Derom hat hy regele dat in eutanasyferklearring altyd by meardere minsken leit, by famylje, de dokter en ek by buorlju. Sadat sy de dokter altyd op de fingers tikje kinne om him te herinnerjen oan wat tasein is.
Jappekamp
Reuma en minne eagen twongen dokter Deen yn 2005 op te hâlden mei syn fak. Nei jierren hurd wurkjen kaam syn net ferwurke ferline boppe. John Deen is berne op Sumatra en siet in part fan syn jeugd yn Jappekampen. "Een ellendige jeugd heeft ook een hele grote kracht in zich, de kracht van de ervaring, wat ga je daar mee doen." It makke him de man, de dokter, dy't hy is. John Deen is no 75 jier en genietet mei syn frou fan it libben op Flylân.
In wiidweidich petear mei âld-dokter John Deen is de earste ôflevering fan de simmerrige 'Ferhalen fan it Waad', alle sneinen yn Buro de Vries.