Fan Wetterpoarte oan stedhûs: winners It Moaiste fan Fryslân

Wat is it moaiste plakje fan Fryslân? It publyk koe seis wiken lang kieze út 100 nominaasjes op It Moaiste fan Fryslân. No binne alle stimmen teld en is de útslach bekend.
En dit binne se dan, de winners:
Mei elkoar is hast 30.000 kear in stim útbrocht. Yn de lêste wike is noch sa'n 10.000 kear stimd. De kategory wenje wie fierwei favoryt mei 4.407 stimmen en 1.458 foar de winner. Minst populêr wie de kategory ferfier mei 584 stimmen en 202 foar de winner. En fansels is der ek altyd ien dy't de minste stimmen krigen hat: op de Sintrale As is 18 kear stimd.
Nominaasjes
Ein maaie begûn de ferkiezing fan It Moaiste fan Fryslân. Dêrfoar hie it publyk de kâns om syn moaiste plak of gebou fan Fryslân te nominearjen. Ut de 272 nominaasjes dy't binnen kamen, keas in sjuery 50 plakken en gebouwen út. Mei de 50 dy't de sjuery al nominearre hie, wienen de 100 moaiste plakken fan Fryslân bekend.
Yn septimber begjint by Omrop Fryslân in searje op telefyzje dêr't alle wiken ien fan de tsien winnende objekten portrettearre wurdt. Yn novimber wurdt dan it topstik fan It Moaiste fan Fryslân keazen. Publyk kin oant heal novimber út de list mei tsien finalisten op trije favoriten stimme. De winner wurdt bekend makke yn in spesjale útstjoering fan it telefyzjeprogramma Fryslân Hjoed.
2018
Takom jier wurde foar toeristen en gasten oan Kulturele Haadstêd 2018 rûtes ûntwikkele by topstikken út de top 100 del. It moaiste fan Fryslân is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Frysk Deiblêd en de Ljouwerter Krante.