UNIS Flyers kriget hieltyd mear foarm foar nije seizoen

© Nicolien Sijtsema
UNIS Flyers kriget foar it nije seizoen hieltyd mear foarm. Mike Nason bliuwt noch twa seizoenen de haadcoach fan UNIS Flyers. Slowaaksk jeugdinternational Adam Bezak hat syn kontrakt ek mei twa seizoenen ferlinge, Sjoerd Idzenga, Tony Demelinne en Yan Turcotte mei ien seizoen.
Earder waard it kontrakt mei Pippo Limnell Finocchiaro al ferlinge. De oanfallers Marco Postma en Ronald Wurm ha trochrinnende kontrakten. It kommende seizoen wurdt it 50-jierrich bestean fan de Feanster iishockeyers fierd.