Twan Verseput giet oan de lieding op WK surfen

Twan Verseput fan Aldehaske giet oan de lieding by it wrâldkampioenskip surfen by Fuerteventura, Spanje. Hy hat der trije wedstriiddagen opsitten, en besiket yn de lêste trije dagen de foarsprong fêst te hâlden sadat er woansdei op de heechste treed stiet. Hy is de regearjend wrâldkampioen.
Twan docht dit jier mei oan ferskate wrâldkampioenskippen yn meardere leeftiidskategoryen. Ien fan syn doelen is om yn it totaalklassemint fan alle kampioenskippen de bêste te wêzen. Ek docht er dit jier yn Namibië in goai nei it wrâldrekôr. Dat stiet op it stuit op 97,6 kilometer yn 'e oere gemiddeld oer in ôfstân fan 500 meter, mar Twan tinkt dat hy dit ferbetterje kin.