Melkfeehâlders stappe út oerienkomst oer guozzebestriding

De Nederlandse Melkveehouders Vakbond stapt út it akkoart oer de bestriding fan guozzen dat sy mei deputearre Johannes Kramer oerienkaam wiene. Neffens it NMV hâldt de provinsje him net oan de ôfspraken út dit akkoart, wêrtroch it tal guozzen tanimt en boeren noch hieltyd in soad skea hawwe fan oerwinterjende guozzen op harren lân. It fakbûn ried him no ta op fierdere stappen en oerwaget dêrby ek in juridyske proseduere tsjin it provinsjaal belied.