Pieter Weening 9de yn de prolooch fan Ronde fan Eastenryk

Pieter Weening © Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Pieter Weening is snein njoggende wurden yn de prolooch fan de Ronde fan Eastenryk. It gie om in pittige prolooch berchop, mei in stigingspersintaazje fan sa'n 10 persint. De Italiaan Oscar Gatto koe dat it bêste. Weening hie njoggen tellen mear nedich as Gatto.

Troch dit resultaat stiet Weening no ek njoggende yn it algemien klassemint. De Österreich Rundfahrt duorret oant en mei oankommende snein.