"Opsizzen fiskakkoart is ramp foar Nederlânske fiskers"

It Britske beslút om it Europeeske fiskferdrach út 1964 iensidich op te sizzen kin wolris útdraaie op in ramp en falliseminten foar de Nederlânske fiskerij. Dat seit foarsitter Johan Nooitgedagt fan it Nederlânske fiskersbûn. Grut-Brittannië ferbiedt fiskers út de buorlannen om tenei tichter as 12 myl by de Ingelske kust te kommen. Mar de Britse miljeuminister Michael Gove wol noch folle fierder gean. Hy wol bûtenlânske - en dus ek Nederlânske - fiskers ek ferbiede om op it Ingelske kontinentale plat, in sône oant 200 myl út de Ingelske kust, te kommen.

As dat trochgiet is de helte fan Noardsee ôfsletten foar de Nederlânske fiskers. Der gefolgen dêrfan neamt Johan Nooitgedagt 'ferskriklik'. "Sa'n sectich oant santich persint fan ús fisk komt út dat diel fan de Noardsee", fertelt Nooitgedagt. "It giet om mear as de helte fan alle tong, skol, hjerring en makreel. As we tenei alles fan it Nederlânske diel helje moatte wurdt it dêr wol hiel drok." Nooitgedagt is der fan oertsjûge dat it op it Nederlânske diel net slagje sil om it kwotum fol te fiskjen.

De fiskers yn Ingelân binne wol bliid mei it beslút fan harren regear. Sy krije te hearren dat it Ingelske wetter tenei net mear leechfiske wurdt troch bûtenlanners.
"It is wer hielendal Brittania rule the waves", seit Nooitgedagt dêroer. "Mar harren eufory is ús fertriet." De Europeeske Uny en ek it Nederlânske regear moatte alles op alles sette om te foarkommen dat nei de sône fan 12 myl ek it Ingelske kontinentale plat ticht giet foar bûtenlânske fiskers. Sjoch ek op ús Europablog.