"Meiwurkers diere-ambulânse dienen neat ferkeard"
Der binne gjin sinjalen dat frijwilligers fan de diere-ambulânse yn Ljouwert kontant jild yn eigen bûse stutsen ha. Dat seit bedriuwslieder Teije de Haan fan biste-opfang De Wissel yn de stêd.
De Haan hat de frijwilligers fan de diere-ambulânse oernaam. Hy fynt de beskuldigingen fan de foarsitter fan de ried fan tafersjoch, Radhin Jainandunsing, te fier gean. "Hjir wurde motivearre minsken samar beskuldige.''
Sels hat De Haan alle fertrouwen yn de meiwurkers fan de diere-ambulânse. Hy sil de kapasiteit fan De Wissel earst tydlik útwreidzje. Der is al in ekstra diere-ambulânse, en der komme noch in telefoan, in kompjûter en in ekstra friezer by.