Fierljeppen yn Burgum útsteld fanwegen minne waar

De fierljeppers komme woansdeitejûn net yn aksje yn Burgum. De fierljepwedstriid giet fanwegen it minne waar net troch. Der is al wol in nije datum pland: tongersdeitejûn om sân oere wurdt de wedstriid ynhelle.
Ferline wike waard it fierljeppen yn Bûtenpost ek al útsteld fanwegen de rein, dy wedstriid wurdt oer oardel wike spile.