Ungelok op A6, ferkear stiet fêst by Sint-Nyk

Ferkear dat op de A6 fan De Lemmer nei De Jouwer rydt, komt by Sint-Nyk fêst te stean fanwege in ûngelok. Neffens de earste berjochten binne meardere auto's by it ûngelok belutsen. De brânwacht fan Sint-Nyk is útriden om help te ferlienen.