Nêsten fan ikeprosesjerûp yn Haskerhoarne binne romme

Ikeprosesjerûp © Omrop Fryslân
De gemeente De Fryske Marren hat de ôfrûne dagen drok dwaande west mei it romjen fan nêsten fan de ikeprosesjerûp yn Haskerhoarne. De nêsten sieten yn de omjouwing fan de skoalle en binne dêrom mei spoed fuorthelle. Ek op oare plakken yn de gemeente is de ikeprosesjerûp oantroffen, mei de bestriding dêrfan wurdt moandei úteinset.
It oanreitsjen fan de hierkes fan de ikeprosesjerûp kin soargje foar yrritaasje fan de hûd.