Skipswerf Warkum oan kop by It Moaiste fan Fryslân

Skipswerf De Hoop yn Warkum, de eilanner húskes fan Skiermûntseach en de seedyk lâns de Fryske Waadseekust gean op dit momint oan de lieding yn de ferkiezing fan It Moaiste fan Fryslân. De ôfrûne moanne binne der troch it Fryske publyk goed 13.000 stimmen útbrocht op de list fan 100 topstikken op it mêd fan arsjitektuer en romtlike kwaliteit yn Fryslân.
Der kin noch oant 1 july stimd wurde troch it publyk. Dêrnei stride tsien finalisten om de titel It Moaiste fan Fryslân.