FIDEO: Boalsert skoot oan by Heamiel yn Broeretsjerke
Boalsert stiet dizze dagen wer yn it teken fan de Heamieldagen. Tongersdeitemiddei skoden Heakeninginne Gerbrich Talsma en har gefolch, boargemaster Hayo Apotheker en oare Boalserters oan tafel foar it Heamiel yn de Broeretsjerke. Omrop Fryslân makke in sfearferslach.
De Heamieldagen bestean dit jier 65 jier. De feestlikheden duorje oant en mei kommende sneon.