Grutte kleurrike haakte lapketekken by Aldehou yn Ljouwert

Sa'n tûzen haakte tekkens lizze woansdei op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. It is in 'sneak preview' foar 2018 as de aldergrutste haakte tekken fan 28.000 kante meter presintearre wurdt om Iepen Mienskip te fisualisearjen.
Yn Ljouwert stiet ek de 'Haak-aan caravan', dêr't nije tekkens ynlevere wurde kinne. Op dizze dei wurdt boppedat it startsein jûn foar it projekt 'Escher dekens' yn gearwurking mei it Fries Museum. Minsken kinne op syn 'Eschers' in tekken ûntwerpe en hake.
De tekken komt fan it boargerinisjatyf 'De Grootste Gehaakte Deken van de Wereld'. Se wolle 10.000 haakte tekkens fan 140x200 sintimeter sammelje. De tekkens besteane út saneamde 'granny squares' fan 10 by 10 sintimeter. It projekt is útgroeid oer de provinsjegrinzen en sels bûten Nederlân. Troch mei elkoar te haken ûntsteane der sosjale netwurken en ferbining.