Kampanje Snitserdyk: Mar ien ûngelok yn lêste fiif moannen

De Kyk op 'e dyk-kampanje op de Snitserdyk tusken Dearsum en de A32 liket effekt te hawwen. Yn de lêste fiif moanne hat der mar ien ûngelok west, yn de earste helte fan ferline jier wiene dat fiif. De kampanje is derop rjochte om minsken derop te wizen dat se op de bochtige twabaansdyk de kop der goed byhâlde moatte.
Unoersichtlik
De provinsje hâlde ek in enkête en dy waard yn tsien dagen tiid sa'n twatûzen kear ynfolle. Hast de helte fan alle dielnimmers fynt de dyk ûnoersichtlik en gefaarlik. In kwart fan de minsken joech oan dat de buorden harren gedrach feroare hat.
Mobile telefoan
De kampanje en de kontrôles hawwe der ek foar soarge dat mear as de helte fan de bestjoerders de better om tinke dat se net te hurd ride. De measte bekeurings op de Snitserdyk giene nei minsken dy't achter it stjoer mei de mobile telefoan dwaande wiene.
Tsjinlizzer oer de kop sjoen
Hast 40% fan de minsken hat sjoen dat de plysje op hurdriderij kontrolearret. Hast njoggenhûndert minsken neame de dyk ûnfeilich. Op de fraach nei wat foar harren sa'n ûnfeilich momint wie op de Snitserdyk tusken Dearsum en de A32, joegen 870 minsken as reden op dat syn of har tsjinlizzer de kop der net by hie.