Anja Haga mei ChristenUnie út koälysje gemeente Arnhem

De fraksje fan de ChristenUnie is út de koälysje fan de gemeente Arnhem stapt. Dêrmei komt CU-wethâlder Anja Haga op strjitte te stean. Foar har baan as wethâlder wie Haga fraksjefoarsitter fan de steatefraksje fan de ChristenUnie yn Fryslân. De CU siet yn Arnhem mei D66, SP en CDA yn it kolleezje. De fraksje seit dat se in gebrek oan konstruktive gearwurking fêststelle en it fertrouwen yn benammen D66 en SP kwyt is.
Reden foar de breuk is benammen de diskusje oer in tippelsône yn de stêd. D66 en SP soene de ChristenUnie skoffearje. De CU kaam oardel jier lyn yn it kolleezje, nei't GrienLinks opstapt wie. Neffens de fraksje hat Haga yn har koarte tiid as wethâlder moaie resultaten boekt op it mêd fan soarch en duorsumens.