Súksesfolle rentree foar tennisser Sander Arends

© Omrop Fryslân
Nei in healjier blessuereleed hat tennisser Sander Arends fan Ljouwert syn rentree makke. Arends helle mei syn Taiwaneeske partner Hsien-Yin Peng de heale dûbelfinale yn in saneamd Challenger toernoai yn Frankryk. Nei winst yn de earste twa ronden wie yn de heale finale it Dútske duo Kretschmer/Satschko mei 6-3 en 6-2 te sterk. Arends neamt syn rentree in súkses.