De Meijerwei fan De Knipe giet einlik op de skeppe

Nei in jierrenlange striid giet de Meijerwei yn De Knipe no op de skeppe. De lêste jierren barre der in soad ûngelokken en der ride deis goed 6.500 auto's oer de dyk. Dêrom stride ynwenners en pleatslik belang foar de ferbettering fan de Meijerwei dy't no dwers troch it doarp rint.
Ut in ûndersyk fan 2010 die al bliken dat de ynwenners fan De Knipe de dyk as it grutste probleem fan it doarp sjogge. Op guon plakken giet de maksimum snelheid omleech en wurde der pleintsjes makke.