Eask: 240 oeren wurkstraf foar Ljouwerter fjoerwurksmiter

Tsjin de 33-jierrige Ljouwerter, dy't yn jannewaris ferline jier in fjoerwurkbom op it fjild fan it Cambuurstadion smiet, is 240 oeren wurkstraf sûnder betingst easke. Fierder moat de man smertejild betelje oan de froulike steward dy't slim ferwûne rekke doe't se it swiere stik fjoerwurk opromme. De offisier fan justysje frege gjin selstraf. Ek fan it slachtoffer hoegde de man net de sel yn, mar hy moat him wol realisearje wat er oanrjochte hat. De froulike steward hat bliuwend letsel oerhâlden oan it ynsidint, se rekke ferwûne oan har ankel.
Ekskús
Op de rjochtsaak bea de fertochte it slachtoffer syn ekskús oan foar it smiten mei fjoerwurk op de Cambuurtraining. "Ik heb superveel spijt. Ik lig er 's nachts vaak wakker van", ferklearre er op de sitting. De man smiet in saneamde Cobra-6 fjoerwurkbom. It giet om in stik yllegaal fjoerwurk. De man hie dat flak foar de training kocht yn de Cambuurbar. "Het kopen van die Cobra is de domste fout van mijn leven", seit de man der no sels oer.
It ynsidint die him foar op de lêste training fan Cambuur foar de derby fan SC Hearrenfean. Op dy training wienen sa'n 6.000 supporters oanwêzich.