VV Bakkefean hat súksesfolste jeugdoplieding fan Nederlân

Fuotbal © Omrop Fryslân
De jeugdoplieding fan fuotbalklup VV Bakkefean is troch it fuotbalbûn KNVB útroppen ta de meast súksesfolle fan ús lân. Dat hâldt yn dat de klup yn ferhâlding de measte kampioenen hie yn it ôfrûne seizoen. Se moatte de titel diele mei de jeugdoplieding fan it grutte Ajax.
Op de Facebook-side fan de klup stiet dat se dit resultaat te tankjen hawwe oan alle meiwurkers by de klup en dat der meikoarten in feestje fan komt.