D66 wol dúdlikheid oer flaters by Twadde Keamerferkiezings

© ANP
De fraksje fan D66 yn Ljouwert wol witte hoe't it krekt sit mei de flaters dy't makke binne by it tellen fan de stimmen by de Twadde Keamerferkiezings. De fraksje hat dêrom skriftlike fragen steld oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Ljouwert. D66 wol witte hoe't it kin dat der flaters makke binne en hoe't dy yn de takomst foarkaam wurde kinne.
De fraksje docht dat ek mei it each op de gemeenteriedsferkiezings, dy't dit jier yn novimber plak fine sille.